Muzykkorps besketten yn Burgum: "Ynienen hearde ik in dikke klets"

Legato spilet yn Burgum op strjitte op krystnacht © Legato
Yn Burgum is op krystnacht op strjitte in muzykkorps besketten dat krystlieten spile. It ynsidint barde om healwei trijen. "In laffe died", sa neamt de 37-jierrige muzikant dy't rekke is it.
It is tradysje dat it Burgumer orkest Legato yn dat plak mei krystnacht op strjitte krystlieten spilet. De korpsleden rinne troch it doarp en spylje by it ljocht fan lampepeallen in pear nûmers.
Op it lêste plak spilen se noch twa nûmers en ûnder it lêste nûmer om sawat healwei trijen hearde de muzikant, dy't graach anonym bliuwe wol, ynienen "in dikke klets tsjin myn ynstrumint". Hy spilet baritoneufoanium. Dêrnei fielde er wat tsjin him oan kommen. "Ik tocht earst: der spat wat tsjin my oan of der falt wat út de loft."

Read plakje op it boarst

De man kaam ta de konklúzje dat der wat ôfketst wie op syn ynstrumint dat him op de lea rekke hat. "Thús seach ik op it boarst in read plakje ûnder myn klean. Ik hie in winterjas oan." By neiere ynspeksje seach er dat der in dûkje en langwerpich plakje op it ynstrumint siet.
© Eigen foto
Deselde nacht is it ynsidint meld by de plysje. De betreffende muzikant hat sneintemoarn persoanlik oanjefte dien by de plysje Burgum. Hy is lilk. De muzikant docht al langere tiid mei oan dizze tradysje. Der wurdt wolris út it rút wei raasd troch ien dy't it net moai fynt, mar dat soks bart is ûnbegryplik, seit de muzikant.
Boargemaster Gebben hat yntusken kontakt hân mei de man. De gemeente nimt it heech op, seit er.