Kleankontener Burgum foar de twadde kear yn ien wike yn 'e brân

De brânwacht hie it gau ûnder kontrôle © Noordernieuws
In kleankontener oan De Yp yn Burgum hat op earste krystdei in skoftke yn de brân stien. Dat gebeurde in pear dagen lyn ek al.
Ofrûne tiisdei stie de ûndergrûnske kontener oan de ein fan de middei yn 'e brân. No wie dat om likernôch 21.00 oere. De brânwacht hie it gau ûnder kontrôle, troch de container folrinne te litten mei wetter.