It jier fan Dariia Merkotan: "Benaud om nei de takomst te sjen"

Dariia Merkotan © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Dariia Merkotan hie in jier lyn noait tinke kind dat se dit jier de krystdagen fiere soe op 'e Gordyk. In jier lyn hie se noch noait fan it plak heard: se wie studinte yn Kiev en it coronafirus wie de grutste soarch yn har libben.
Dariia, yntusken 18 jier, wenne in jier lyn by heit Andriy en mem Svitlana yn Tsjerkasy, in stêd oan de Dnjepr, sa'n 200 kilometer súdeastlik fan Kiev. De fakken op de universiteit waarden noch online jûn fanwegen de pandemy.
"In wike nei de ynvaazje soenen we wer gewoan les krije", fertelt se. "Dêr seach ik hiel bot nei út."
It firus spile fierder gjin grutte rol mear yn it deistige libben yn Oekraïne. "Oan it begjin gong alles noch ticht, mar nei ferrin fan tiid gong der hieltyd mear iepen. We moasten noch wol maskers drage yn it iepenbier ferfier en guon winkels, mar dat wie alles."

De oarloch begjint

Op 24 febrewaris dit jier - de dei fan de Russyske ynfal yn Oekraïne - soe Dariia útsliepe, want dy dei stienen der gjin fakken op it programma. "Mar ik waard dochs betiid wekker, want ús mem wie hiel lûd mei ús beppe oan it praten. Earst begriep ik net wêr't it oer gong, mar doe lei ús mem út dat de oarloch begûn wie."
In frijwilliger fan de Oekraynske definsje by in checkpoint flakby Tsjerkasy, in moanne nei de útbraak fan de oarloch © ANP
Foar Dariia kaam dat as in tongerslach by kleare himel. "It wie totaal ûnferwachte. As jongeren folgje wy it nijs net echt, we wisten fan neat. Folwoeksenen wisten wol dat der wat te gebeuren stie. Der wie wat op it nijs oer dat Ruslân him oan it tarieden wie en dat Oekraïne ek paraat stie, mar gjinien hie oait tinke kind dat Ruslân ús echt oanfalle soe. Gjinien naam de oarlochstaal fan de Russen serieus."
Kinst dy net tariede op in bombardemint.
Dariia Merkotan
Ynienen wie alles oars. "De earste dagen makke elkenien him klear foar wat der noch komme soe", omskriuwt se. "Skûlkelders waarden klearmakke foar wannear't it loftalarm ôfgean soe, elkenien holp elkoar en soarge foar elkoar. Mar elkenien wie ek ferlern en dat is noch hieltyd sa, want kinst dy net tariede op in bombardemint."
Yn har eigen stêd hat se gjin bombardeminten sjoen, mar op it nijs seach se wol bylden fan de situaasje yn ûnder oare Kiev. Dêr wennen freonen. "Ik makke my hiel bot soargen. De stêd stie ek fol mei útgeand ferkear, gjinien koe maklik fuortkomme."
Dat jilde ek foar har broer Roman, dy't yn Kiev wennet. "Dy earste dei fan de oarloch slagge it him yn de middei pas om de stêd te ferlitten. It wie dreech om yn kontakt mei elkoar te kommen, dus thús makken we ús grutte soargen oer syn feilichheid. Ek doe't er ûnderweis wie, wie it foar ús noch ôfwachtsjen hoe't it mei him wêze soe."
De famylje Merkotan © Eigen foto
Roman wennet noch hieltyd yn Oekraïne. Hy moat him ree hâlde foar in eventuele oprop fan it leger. De rest fan it gesin is begjin maart nei Nederlân kaam. "Ik woe eins net fuort, ik bin altyd benaud foar feroaring. Ik wist ek net hoe't it hjir wêze soe."
Mar de koffers leinen al klear en op de jûn fan 4 maart sei de mem fan Dariia dat it tiid wie om te gean. "Us pake hat ús nei it stasjon ta brocht. We binne op de evakuaasjetrein nei Lviv stapt. Dêr moasten we oerstappe en dêrnei ha we in hiele dei wachte foardat we de grins mei Poalen oerstekke koenen."
Ienkear dêr begûn de syktocht nei in langer ferbliuwplak. Dariia har heit wurke yn it bûtenlân en hie in plak yn Nederlân fûn. Dêr koenen Dariia en har mem ek hinne.
Mem Svitlana, Dariia sels en heit Andriy © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Sa begûn in hiel oar libben: yn Fryslân, mar mei de situaasje yn Oekraïne alle dagen yn gedachten. It befalt hjir, mar maklik is it net altyd. "Yn it begjin wie it hiel dreech om te wennen oan it libben hjir. Ik mis myn âlde libben ek hiel bot: leuke dingen dwaan, ôfprate mei freonen."
Ik lês hieltyd minder nijs, want ik wurd der benaud en fertrietlik fan.
Dariia Merkotan
Mei har freonen besiket se wol kontakt te hâlden, mar dat is net altyd like maklik. "Dy wenje yntusken ek oeral oer de wrâld. Elkoar moetsje is dus sowieso ûnmooglik, mar sels even online mei elkoar prate is net maklik, fanwegen de tiidsferskillen. Der wennet bygelyks sels ien yn Australië."
Yn de tuskentiid wol Dariia hjir ek in libben opbouwe. Se hat nije freonen makke, is Nederlân bytsje by bytsje oan it ûntdekken en se studearret oan de universiteit yn Grins. Mar de situaasje yn Oekraïne hâldt har logysk yn har greep. "Hielendal doe't de oarloch begûn, doe folge ik al it nijs. Ek om te begripen wat der oan de hân wie. Nei ferrin fan tiid lêsde ik hieltyd minder, want ik waard der benaud en fertrietlik fan."

'Lyts Oekraïne' yn Nederlân

Se besiket it libben posityf te besjen. It libben hjir begjint te wennen. "Minsken binne hartstikke noflik. Ast ien wat fregest, dan is elkenien ree om te helpen. Ek de frijwilligers fan de opfanglokaasjes ha hiel bot holpen, dêrtroch begripe we no better hoe't it libben der hjir útsjocht."
It is foar de famylje Merkotan ek moai dat hjir mear Oekraïners binne, ek yn it opfanggebou op De Gordyk. "We prate somtiden mei elkoar ôf, dan kinne we dochs even yn ús memmetaal prate. It jout ús in bytsje it gefoel fan 'lyts Oekraïne' yn Nederlân."
Oekraynske flechtlingen sykje elkoar soms op yn Fryslân © Dariia Merkotan
De krystfakânsje bringt se mei har âlders troch op 'e Gordyk. "We ite even gesellich mei ús trijen en sykje kontakt mei ús famylje yn Oekraïne. Sy ite dêr ek mei-elkoar."
De rest fan de fakânsjeperioade brûkt it gesin om wat mei te krijen fan de Nederlânske en Dútske krysttradysjes. "We wolle nei wat oare stêden yn Nederlân ta om de krystmerken en de fersieringen te besjen." Mar noch mear nocht hat se oan in koart reiske nei Hamburg ta. "Dêr sil ik in pear dagen mei ús heit en mem nei ta, dogge we wat sightseeing en we sille nei in krystmerk ta. En in freon fan de universiteit yn Grins wennet dêr ek, dus dêr wol ik ek mei ôfprate."

Studintelibben

Dêrnei giet it Nederlânske libben troch, oan de universiteit dus. It noflike dêr is dat se net de iennige bûtenlânske studint is. "De Nederlânske studinten prate mei elkoar faak Nederlânsk. Mar der binne gelokkich studinten fan oer de hiele wrâld, dus wy prate dan Ingelsk. We ha ek wat deselde ûnderfiningen, omdat we allegear yn in nij lân wenje. Sa krij ik ek wat mei fan it studintelibben hjir: we studearje mei-elkoar, we winkelje even en sa no en dan in feestje."
Foarearst befalt dat poerbêst. Oait wol se wer nei Oekraïne ta, mar se doart net te fier yn de takomst te sjen. "Ik soe der hiel graach in pear wiken nei ta gean, allinnich al om myn broer en pake en beppe wer even te sjen. Mar ús regearing tinkt dat de oarloch noch lang trochgiet, dus ik bin benaud foar de takomst."
In reportaazje fan Gerrit de Boer oer it krystfeest fan Dariia