SAR Nederland: 'Antwurden foar de famylje, dêr giet it om'

Helpers fan SAR Nederland en 112-Water © Omrop Fryslân, René Koster
"Families die door een vermissing in grote onzekerheid leven proberen zekerheid te geven, daar is het ons om te doen bij SAR Nederland." Dat seit Houwina Postma, inisjatyfnimmer en koördinator fan de stichting.
De Fryske ôfdieling fan SAR Nederland waard oprjochte nei oanlieding fan de syktocht nei de fermiste Remon Bruinsma yn Ljouwert. Dat is yntusken fiif jier lyn en sûnt dy tiid hat de organisaasje in grutte ûntwikkeling trochmakke.
Der binne folle mear trainde minsken ynsetber, der wurdt wurke mei profesjonele helpmiddels en sykmetoades en der binne gearwurkingsferbannen mei tal fan oare organisaasjes.
Buro de Vries hat dizze krysttiid omtinken foar 'de helpers fan 2022'. Trije ferhalen yn trije dagen oer minsken dy't har frijwillich en belangeleas ynsette foar oare minsken en sa de wrâld in bytsje moaier meitsje komme oan it wurd yn trije lange reportaazjes.
It slimme boatûngelok fan dizze hjerst by Skylge brocht SAR Nederlân ek wer yn aksje. "Zolang er nog een vermiste is, gaan we daarmee door, samen met onze partners", fertelt Houwina Postma.

Profesjoneler as earder

Yn de organisaasje wurkje in soad frijwilligers mei in eftergrûn yn beroppen as definsje, justysje en brânwacht. Mar ek minsken dy't goed thús binne mei bygelyks drones, quads en speedboaten helpe mei.
Net yn it wylde wei, sa't yn it begjin wolris socht waard. "Dat was natuurlijk met de beste bedoelingen, maar dat werkt niet. Er wordt nu een planning gemaakt in samenwerking en onder voortdurende communicatie met de professionals, zodat wij aanvullend werken en elkaar niet voor de voeten lopen."
Het komt natuurlijk wel binnen.
Houwina Postma fan SAR Nederland oer de syktocht op de Waadsee
Mei de syktocht nei de 12-jierrige fermiste Riemer fan it boatûngelok helpe ek in soad fiskers mei, dy't de netten fan harren kotters dêrfoar geregeld oanpasse. Benammen dy syktocht wekt in soad emoasjes by de helpers op.
"Je probeert bij een zoektocht altijd nuchter te blijven, maar dit komt natuurlijk wel binnen." Of sa't ien fan de quadriders it seit: "Dat lytse mantsje dat by Skylge oerboard sloech, dêr lizze jo wolris wekker fan. Dan mealt jo dy iene fraach hieltyd troch de holle: wêr is er?"
Harkje nei de radioreportaazje mei de 'helpers' fan SAR Nederland
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.