Carolien jout nier oan Kees nei oprop op sosjale media: 'It ultime krystferhaal'

Kees en Carolien yn it sikehûs © eigen foto
In jier lyn hienen Kees Verdonk út Rie en Carolien de Jong út De Gaastmar noch nea fan inoar heard, mar in bysûndere oprop op sosjale media hat dêr feroaring yn brocht. In oprop dy't it libben fan Kees feroare hat.
De nier fan Kees wurke nammentlik noch mar foar fjouwer persint. Oeren en oeren moast Kees oan de nierdialyze. Hy wie dêrom driuwend op syk nei in nierdonor. In oprop fan syn frou op Facebook wie syn lêste hoop.
Carolien seach de oprop en twivele gjin momint. Se naam kontakt op mei Kees en fan it ien kaam it oar. Ut testen die bliken dat Carolien in perfekte donormatch wie foar Kees. Op 13 desimber fan dit jier, hast twa wiken lyn dus, waard de transplantaasje suksesfol útfierd.

Grutte feroaring

Mei Kees giet it yntusken poerbêst. "Ik moet zeggen boven verwachting. Tijdens de operatie ging de nier al werken en de dag na de operatie kon ik al voorzichtig kleine wandelingetjes maken over de afdeling. De pijn viel heel erg mee."
It is dus noch gjin twa wiken lyn, mar it libben fan Kees is no al folslein feroare. "Alles in het positieve. Je merkt ook aan je lichaam: functies die weggevallen waren of veranderd, die komen allemaal zachtjes weer terug."

Sixpack

"Het is gebeurd. Het is ongelooflijk, hè", seit Carolien. "Ik weet er zelf natuurlijk niets van gelukkig, maar wat ik heb gehoord is dat het allemaal heel voorspoedig verliep en dat het allemaal ging zoals we allemaal wensten."
Carolien moat noch wol goed herstelle. "Ja, het was best wel pittig, want je buikspieren worden allemaal ongeveer versnipperd. Ik wist niet dat ik een sixpack had, maar nu voel ik 'm. Er is bewijs", laket se.

Ultime krystferhaal

De nierfunksje fan Kees is fan fjouwer nei santich persint gien. Dat betsjut dat er net mear oan de dialyze hoecht. Kees gie nei syn operaasje by de dialyze-ôfdieling del om symboalysk ôfskied te nimmen. "Want ik hoef niet meer, dankzij Carolien", seit Kees tankber.
"We kunnen weer plannen maken en weer naar de toekomst kijken. We kunnen weer leuke dingen ondernemen. We kunnen weer eens spontaan een weekend weg. Dan hoef je de dialyseapparatuur niet mee te nemen", seit Kees.
It is it ultime krystferhaal, sa befestiget ek Carolien. "Dat is echt zo. Er waren allemaal toevalligheden ook. Dat we allemaal dachten: dit is gewoon hoe het hoort. En we gaan allemaal een hele mooie toekomst tegemoet. Dus we hebben er allemaal zin in."
Kees en Carolien yn it radioprogramma Goeiemiddei oer de transplantaasje