Stâl swier skansearre by grutte, útslaande brân yn Follegea, bisten hawwe it oerlibbe

De brân yn de stâl yn Follegea © CAMJO media
In stâl oan de Straatweg yn Follegea is moandetemiddei swier skansearre rekke by in grutte, útslaande brân. Yn de stâl stienen likernôch tsien bisten, guon dêrfan binne ferwûne rekke. Yntusken is it sein 'brand meester' jûn.
De korpsen fan Ychten, De Lemmer, It Hearrenfean, Sint Nyk en De Jouwer wienen te plak om it fjoer út te meitsjen. Der wienen ûngefear tsien bisten yn de stâl doe't it fjoer útbruts. Dy binne der yntusken libbend úthelle en se binne fersoarge troch in feedokter. Guon kij hawwe lichte ferwûnings oprûn.
De brânwacht hat wat sloopwurksumheden útfiere moatten yn de loads om goed by it fjoer te kinnen. De brân is net oerslein nei it wenhûs.
Om de brân út te meitsjen, hat de stroom yn de loads ôfsletten west. In pear wenningen yn de buert fan de stâl hienen dêrtroch ek efkes gjin stroom.
De oarsaak fan de brân is noch net bekend.