Taalstrider Bertus Jans Postma (93) út Bitgummole is ferstoarn. Postma waard yn 2019 útroppen ta earelid fan de Jongfryske Mienskip.
Postma is benammen bekend fan de striid foar de Fryske plaknammen en de Fryske wetternammen. “It is oan jo te tankjen dat it steatejacht no oer de Snitser Mar fart, ek as ús gasten de oare rykstaal sprekke”, sei kommissaris fan de Kening Brok tsjin Postma, doe’t hy beneamd waard ta earelid fan de Jongfryske Mienskip.
Lês fierder by Omrop Fryslân