VV Aldehaske nimt ôfskied fan plestik bekerkes

Sokke situaasjes sille der net mear wêze yn de kantine fan VV Aldehaske © ANP
VV Aldehaske hâldt op mei it brûken fan weismytbekerkes. De kofje en bier wurde tenei servearre yn bekerkes dy't op 'e nij te brûken binne.
Aldehaske stelt de earste fuotbalklup fan Fryslân te wêzen dy't dizze stap set. De bekers waarden by de nijjiersresepsje fan de klup foar it earst brûkt. It hie fuort effekt: "Op een avond als dit, scheelt dit al bijna 1000 wegwerpbekers. Om maar niet te spreken over alle koffiebekers tijdens het seizoen. Echt een groot verschil", seit kantinekoördinator Bert Koopmans.
VV Aldehaske wol ek mear ynsette op it ynleverjen fan staasjejildfleskes. Ek oare artikels yn de kantine binne ferfongen troch wer te brûken farianten.