Hieltyd minder leechsteande winkels yn Fryslân: "Veel winkels krijgen andere functie"

Leechstân yn Ljouwert © ANP
Hieltyd minder winkelpannen yn Fryslân steane leech. Dat docht bliken út sifers fan merkûndersiker Locatus. Stie de ôfrûne jierren hast seis prosint fan de winkels leech, dit jier wurdt der ferwachte dat dit nei ûnderen gean sil nei sa'n 3,5 prosint.
Fryslân folget dêrmei de lanlike trend. De sifers betsjutte lykwols net dat alle leechstân ynfolle wurdt mei nije winkels. Foar in part komme der nije winkels yn de leechsteande gebouwen, mar it bart ek dat leechsteande winkels in nije funksje krije.
"Er worden veel winkels naar een andere functie omgebouwd", leit Gertjan Slob fan Locatus út. "Een aantal winkels staat al langere tijd leeg. Eigenaren gaan kijken naar iets anders, en de woningmarkt is booming. Dus een winkel ombouwen tot woning, die je volgende dag al verhuurt, dat is gunstig."
De Grote Breedstraat yn Dokkum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
En dat liket ek it ferhaal yn Fryslân te wêzen. Neffens Slob binne Fryske stêden dêr nammentlik tige geskikt foar. "Fryslân heeft historische winkelsteden, dat gaat vaak makkelijk. Een oud winkelcentrum ombouwen is lastig. Een benedenverdieping, waar eerder een winkel zat, bij het huis betrekken is relatief makkelijk."
Guon leechstân wurdt wol ynfolle mei nije winkels. Dat binne benammen boartersguodwinkels en juweliers. Ek yn Ljouwert kaam der ferline jier in boartersguodwinkel by. Neffens Slob ha dy winkels it lange tiid dreech hân omdat minsken guod online keapen.
Dêr liket no de boaiem wol berikt te wêzen, seit Slob. "De hoeveelheid die mensen die dingen online kopen heeft een maximum bereikt. Mensen gaan weer naar winkels en kopen daar een deel, het andere deel koopt online."
It Waagplein yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Oft de leechstân de kommende jierren noch fierder weromrinne sil, wit Slob net. "Ik denk wel dat deze trend doorzet. We zien de laatste maanden dat webwinkels aangeven de omzet moeilijk op peil te kunnen houden. Er beginnen wat scheurtjes te komen in het aanbod."

Ljouwert

De ûntwikkeling fernuvert Hayo Galema net. "It getal komt my net ûnbekend foar. Je sjogge it ek as je oer strjitte rinne", seit de binnenstêdsmanager fan Ljouwert. "Je sjogge dat in hiel soad fan kommersjeel nei wenningen giet."
Dat bart neffens him by 't soad. "Faak moat sa'n pân wat opsmite, en leechstân smyt neat op. En minsken wenje graach yn it sintrum."
Wat winkels oanbelanget, hat Galema in strakke fyzje. "Wêr't it yn dy binnenstêden om giet is it rekreative aspekt. In kombinaasje fan detailhannel, hoareka en wat der te belibjen is oan kultuer. Winkels dy't harren op dy aspekten rjochtsje, hawwe folop takomst yn de stêd."