World Cancer Walk yn Murns foar omtinken foar kanker: "Erkenning en herkenning is belangrijk"

In groep minsken oan it kuierjen © Shutterstock
Oer de hiele wrâld waard meidien: de kuier tsjin kanker. Yn alle tiidssônes rûnen minsken in oere lang. Om jild yn te sammeljen foar de striid tsjin kanker, mar ek om te praten en stil te stean by de minsken dy't der net mear binne of stride. Sabine Wernars fan De Lemmer organisearre de tocht yn Murns yn Fryslân.
"Het was prachtig weer, dat zat allemaal mee. Het was ontzettend druk in het bos dat het lastig was om mensen te ontmoeten", fertelt Wernars. "Ik heb de tocht alleen met mijn twee stabijhonden gelopen."
De tocht makket neffens har nochris dúdlik dat elkenien op de wrâld op ien of oare wize te krijen hat mei de sykte. "Wereldwijd hebben mensen in 55 landen op 278 plaatsen de tocht gelopen in de afgelopen 24 uren."
Sabine Wernars © Stichting Jij Speelt de Hoofdrol
"Ik ben sinds acht jaar in het kankerwereldje bezig, ik heb tien jaar geleden zelf borstkanker gehad", fertelt se. "Vandaaruit ben ik allerlei dingen gaan doen om andere mensen te ondersteunen."
De tocht wie dêrom ek konfrontearjend, fûn Wernars. Net allinnich omdat se sels ûnderfining mei de sykte hat. "Een goede vriendin van mij wordt vandaag begraven. Dat komt dichtbij als je wandelt en denkt: 'dat komt niet meer terug'."

Kontakt

"Het lotgenotencontact is heel belangrijk." Neffens har is praten benammen wichtich om erkenning en herkenning te krijen. "Dat is soms het probleem. Er wordt gezegd 'je bent genezen, fantastisch, ga je weer werken, zullen we uitgaan?'. Maar je leven wordt nooit meer helemaal hetzelfde als je kanker gehad hebt."
Sabine Wernans kuiere de tocht mei har twa hûnen © Eigen foto
Se is dan ek bliid mei de kontakten dy't se yn de ôfrûne jierren lein hat. "Ik woon in Lemmer en ik kende eerst nog niemand die het ook had. Gelukkig is er in tien jaar heel veel veranderd, je kunt mensen nu heel makkelijk opzoeken."
It wie dit jier foar it earst dat de tocht yn Fryslân organisearre waard, en dat wie neffens Wernars ek noch koart dei. "Volgend jaar willen we hier op een eerder moment aandacht voor vragen en willen we veel meer wandelaars mobiliseren. Die kunnen dan ook meteen het mooie Fryslân en het Rijsterbos leren kennen. Twee vliegen in één klap."