Grutte brân by Friese Schrijfkamer oan de Schrans yn Ljouwert ûnder kontrôle

De brânwacht is dwaande mei it bestriden fan it fjoer © CAMJO Media
De brânwacht hat it sein 'brand meester' jûn foar de brân yn de wenning boppe boekhannel Friese Schrijfkamer oan de Schrans yn Ljouwert. It fjoer ûntstie by wurksumheden oan it dak. Der waard opskaald nei 'grutte brân'.
De brân sloech fia it dak it pân yn. Alle minsken dy't yn it pân wienen, koenen der op 'e tiid út komme. De Schrans waard oan beide kanten ôfsletten foar ferkear. Der wie sprake fan in soad reekûntwikkeling.
Op strjitte wienen in protte minsken dy't nei de brân stienen te sjen.