Plysje lit bylden sjen fan fertochte bankpasfraude yn Akkrum yn Opsporing Verzocht

De plysje © ANP
It tv-programma Opsporing Verzocht jout tiisdeitejûn omtinken oan in gefal fan pinpasfraude yn Akkrum. De plysje siket in man dy't op 4 july 2022 in bedrach fan 2.500 euro pind hie mei in pas dy't net fan him wie.
It slachtoffer waard dy dei belle troch immen dy't sei by de bank te wurkjen. Dy oertsjûge it slachtoffer derfan dat der sprake wie fan bankpasfraude en dat in koerier de pinpas ophelje soe.
It slachtoffer hat de pas en de pinkoade oan dy koerier jûn. De fertochte pinde efkes letter twa kear 1.250 euro by in jildautomaat oan de Buorren yn Akkrum. Yn Opsporing Verzocht wurde tiisdei bylden fan de fertochte sjen litten.