Learlingeferfier yn Ljouwert fan augustus ôf folslein elektrysk

Bern yn in buske © ANP
Alle taksys foar it WMO- en learlingeferfier yn Ljouwert wurde mei yngong fan augustus elektrysk. De gemeente Ljouwert is stranger wurden as it om duorsumens giet en hat oantrune op skjinnere enerzjy.
De hjoeddeiske ferfierder, Taxi Witteveen, mei de ritten de kommende fiif jier fersoargjen bliuwe. It ferfier mei de taksys is bedoeld foar kwetsbere ynwenners en bern dy't net gebrûk meitsje kinne fan oar ferfier.