Opstoppingen op Nije Dyk tusken De Jouwer en Snits troch ôfsluting A7

Drokte op de Nije Dyk © CAMJO Media
It ferkear hie moandei op de Nije Dyk tusken De Jouwer en Snits lêst fan opstoppingen. Dit komt troch de ôfsluting fan de A7. Bedriuwen en skoallen binne wer úteinset nei de krystfakânsje en dat wie moandei fuortendaliks te fernimmen op de dyk.
Rykswettersteat jout oan dat dit de situaasje is dêr't brûkers fan de dyk it kommende healjier rekken mei hâlde moatte.

Fertraging foar Arriva

De paralleldyk tusken De Jouwer en Snits wurdt op dit stuit in soad brûkt troch de ôfsluting fan de Prinses Margriettunnel yn de A7. In oplossing is foarearst noch net foar hannen. Dat smyt oerlêst op foar it busferfier.
"Sûnt de nije tsjinstregeling fan 11 desimber ride we net mear oer de A7, mar oer de paralleldyk en dêr fernimme we dat it folle drokker is", sa seit wurdfierder Jacoba Hoeksma fan Arriva.
Drokte op De Nije Dyk tusken Snits en De Jouwer
Hoe grut de fertraging krekt is, kin Hoeksma net presys sizze. "Dat hinget derfan ôf oft it yn de spits is of net. Wy moatte lykas automobilisten efteroan slute yn de rige by de stopljochten. Yn de spits is it in langere fertraging, dan moatst tinke oan in healoere." Op dit stuit krijt it busferfier gjin foarrang. Wol is Arriva mei de opdrachtjouwer yn petear foar it gefal dat dizze situaasje langer oanhâldt."

Automobilisten fernimme drokte

Net allinnich it busferfier hat hinder fan de drokte. 'Gewoane' automobilisten binne gauris langer ûnderweis. Yn it sintrum fan Snits is it drokker as gewoanwei. "Je fernimme folle mear drokte, omdat minsken net earne oars del kinne", seit automobilist Feike Damstra.
Dizze automobilist tinkt dat it no 30 à 40 prosint drokker yn it sintrum is. "It streamt gewoan net troch. No stiet de brêge noch net iepen, dus no falt it noch ta. Mar it is noch net samar klear by de A7, dit duorret de hiele simmer en dat wurdt in gaos."
Pakketbesoargers sjogge ek dat it drok is. "It giet muoisumer op dit stuit. Wy besoargje út Ljouwert en De Jouwer wei en as je dan nei Snits moatte, dan is dat in omwei. Hokker omwei wy ek nimme, oeral is it drok", seit Geert Goerres, pakketbesoarger fan GKG Koeriers.
Neffens him sit der hast gjin fertraging op it besoargjen fan de pakketten. "Pakketsjes komme noch wol op tiid. By de sneldyk en de benzinepomp bringe we ek pakketsjes, dêr kinne we no net komme. Sokke adressen sitte der wol tusken, mar dat binne der mar in pear. We losse dat op en úteinlik komt dat wol goed, mar it kostet wat mear tiid."

Snitser ûndernimmers wolle oplossing

Sibold Jellema fan Ondernemend Sneek hat suver deistich kontakt mei alle partijen, dy't by de ôfsluting fan de A7 belutsen binne. Grutte ûndernimmers liede neffens him in soad ferliezen. Winkelpublyk soe net sa faak mear nei de stêd ta komme no't it ferkear hieltyd ticht sit.