Foarsitter ikkerboufakbûn: 'Foar goed fertsjinmodel boeren binne Europeeske ôfspraken nedich'

NAV-foarsitter Teun de Jong foar de sûkerbiten op syn hiem © Omrop Fryslân
Nije wike tiisdei begjinne lang om let de tafeloerlizzen dy't liede moatte ta in 'breed lânbou-akkoart'. Sa'n akkoart moat de agraryske sektor wer perspektyf biede foar de langere termyn.
It sluten fan sa'n lânbou-akkoart yn oerlis mei de sektor, wie ien fan de advizen fan stikstofkrisismanager Johan Remkes yn syn rapport 'Wat wel kan'. In lânbou-akkoart soe ek it betrouwen tusken de agraryske sektor en de oerheid better meitsje moatte.

Ambisjeus tiidpaad

By de petearen heart in ridlik ambisjeus tiidpaad. As it oan Lânbouminister Piet Adema fan De Wylgen leit, soe sa'n akkoart, as it heal kin, der yn maart, of oars uterlik begjin april lizze moatte. Foarsitter Teun de Jong fan ikkerboufakbûn NAV neamt it tiidpaad 'bysûnder útdaagjend'.
Wy binne tige ree om mei te praten, want we moatte ôf fan it hapsnapbelied fan de lêste jierren.
NAV-foarsitter Teun de Jong
It giet om in ridlik yngewikkeld proses, want njonken de 'hoofdtafel', wurdt der ek praat oan seis sektortafels en der is ek noch in meitinkende 'reflectietafel' en in 'breed lânbou-oerlis', dêr't tsientallen lânboupartijen by oanskowe.
Ikkerboufakbûn NAV is kritysk oer de mooglikheden foar sa'n lânbou-akkoart om it fertsjinmodel fan de boeren te ferbetterjen, omdat lânboubelied yn Europa bepaald wurdt en der in Europeeske merk is. "Nederlân is gjin Switserlân", seit NAV-foarsitter Teun de Jong fan Sint Anne.
"As Nederlânske produkten troch ferskate maatregels djoerder wurde, kinne Nederlânske boeren minder goed konkurrearje mei de boeren yn Dútslân." Likegoed docht De Jong graach mei oan de sektoroerlistafel ikkerbou, want hy stiet achter it stribjen nei in lânboubelied foar de langere termyn. "Wy binne tige ree om mei te praten, want we moatte ôf fan it hapsnapbelied fan de lêste jierren."

Spanje as foarbyld

De oerheid soe der neffens De Jong oer neitinke kinne, om, lykas Spanje, de btw op griente en fruit te ferleegjen. "Yn Spanje ha se dat yn oktober besletten en yn jannewaris ynfierd. Mar hjir sit de belestingtsjinst noch te wifkjen oer de fraach wat no krekt wol en net ûnder griente en fruit falt. As je net fierder komme as dat, kinne je as Nederlân alle ambysjes wol op je eigen búk skriuwe."
De Jong wol ek graach op nasjonaal nivo ôfspraken meitsje oer it behâld fan fruchtbere grûn foar de lânbousektor. "It is fan grut belang dat ús boeren genôch grûn oerhâlde. As je alle ideeën, winsken en plannen foar natuerûntwikkeling honorearje, hat Nederlân wol twa kear safolle grûn nedich.
Ek dêrfoar jildt: 'niet alles kan'. As alle Natura 2000-gebieten hiele brede beskermingssônes krije dêr't neat mear kin, bliuwt der te min romte oer foar boeren en eigen fiedselproduksje."
Foarsitter Teun de Jong fan de NAV oer it oerlis foar it lânbou-akkoart