Koepel Shermantank fan fjouwer ton nei 30 jier fan syn plak helle: "Dit docht wat mei my"

Ulbe Bakker by de tank © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De koepel fan in Shermantank by it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân krijt in nij thús. It gefaarte fan fjouwer ton wurdt brûkt om op in ridende Shermantank te setten.
De koepel is yn 1992 yn it Kazemattenmuseum delset, ta neitins oan de Kâlde Oarloch. Yn de jierren '50 sieten der fjouwer tanks yngroeven by de Ofslútdyk. "Dat wie om de dyk te beskermjen tsjin in mooglike ynfal fan de Sovjet-Unie", seit frijwilliger Ulbe Bakker fan it museum.
"Dat wiene echte Shermantanks, mar se binne nea yn aksje kaam. Doe't it Kazemattenmuseum yn 1985 iepene waard, woene sy altyd al in oantinken oan de oarloch hâlde. In tal jierren letter kaam de koepel fan de tank dus op de dyk te lizzen. Der wie allinnich ien grut neidiel: it wie net in offisjele, it is in oar type as de tanks dy't yngroeven binne. It wie de bedoeling dat dy tank hjir ivich lizzen bliuwe soe, mar dat giet no oars."
De koepel fan de Shermantank wurdt ferpleatst
Mei in grutte teleskoopkraan wurdt de koepel fan de bulte op de dyk helle. "In bedriuw yn Brabân restaurearret oarlochsguod en wol de koepel op in ridende Shermantank pleatse. Sy woene earst de âlde neimeitsje, mar dit is in koartere klap", leit Bakker út.
"Wy krije by it museum no de echte werom en dat is wichtich om it ferhaal fan de oarloch te fertellen. Minsken sjogge dan hoe't it echt wie. It docht my dêrom wat dat dy tank hjir no fuorttakele wurdt. Sa sjogge je dat skiednis wichtich is."
It is noch net bekend wannear't de nije koepel pleatst wurdt.