Wykauto Westeinde fiert nei in jier de tûzenste rit: "Net ferwachte, wol hope"

De dielauto © Omrop Fryslân
De Ljouwerter wyk Westeinde hat sûnt in jier in elektryske wykauto en dat is in grut sukses. In jier neidat de auto yn gebrûk naam is, wurdt de tûzenste rit feestlik fierd.
"Ik hie it net ferwachte, mar wol hope", seit Lieuwe Tamminga. Hy is foarsitter fan Stichting Wijkauto Westeinde. "Wy hienen hope op in soad ritten, it rint tige foarspoedich."

Auto ferfangt busline

Yn it begjin moast it noch wat op gong komme, fertelt Tamminga. No wurdt de auto fiif dagen yn de wike brûkt. "De auto is yn plak kommen fan de bus, omdat Arriva hiel Westeinde net betsjinje koe sa't dat moast. Te min minsken kamen yn de bus."
Lieuwe Tamminga by de dielauto © Omrop Fryslân
It ferfierbedriuw hat dêrom in auto beskikber steld foar de wyk. "Je kinne moarns tusken tsien en tolve belje, dan sit der in groepke planners. Middeis kinne je wer belje."
Fia de planners kin in ôfspraak makke wurde om de auto te brûken. Der binne boppedat sjauffeurs dy't minsken ferfiere kinne. Dat binne allegear frijwilligers.
"Op it stuit ha wy seis planners en achttjin sjauffeurs. Dat ha wy rom nommen, dan kinne je ek ris siik wêze, of frij ha."