Reekûntwikkeling yn plysjeburo op It Hearrenfean; twa minsken kontrolearre yn ambulânse

De helptsjinsten by it plysjeburo op It Hearrenfean © Groot Heerenveen, Dennis Stoelwinder
It plysjeburo oan de Atalantastraat op It Hearrenfean hat tiisdeitemoarn ûntromme west fanwege reekûntwikkeling yn it gebou. Twa minsken hawwe reek ynazeme en wurde kontrolearre troch ambulânsepersoniel.
De brânwacht hie nei de melding opskaald nei 'middelbrân'. De korpsen fan It Hearrenfean en Tsjalbert kamen te plak om de oarsaak te finen.
Nei in skoftke die bliken dat in aggregaat yn de kelder fan it buro de oarsaak fan de reekûntwikkeling wie. It apparaat is út it gebou helle. De kelder wurdt troch de brânwacht fentilearre.