Teäter Snits sjocht besikers weromkommen, mar kaartsjes wurde wol letter kocht

Teäter yn Snits © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
We geane wer even faak nei it teäter, it museum en it poppoadium as foar de coronakrisis. Dat skriuwt it deiblêd Trouw tiisdei. Ek by it Teäter Snits fernimme se dat.
"Dat is heel fijn om te zien", seit direkteur Wiebren Buma, dy't ek bestjoerslid is fan de feriening fan skouboarch- en konsertgeboudireksjes. Buma sjocht wol dat it publyk harren kaartsjes letter keapet as earder.

Fersette en annulearje

Dat hat der neffens de direkteur ûnder oare mei te krijen dat se foar dit seizoen wat letter wienen mei de brosjuere. "Maar er was ook nog wel een beetje angst voor corona", seit Buma.
"We hebben natuurlijk twee jaar lang heel veel voorstellingen verschoven en nog een keer verplaatst of geannuleerd. Op een gegeven moment zagen de mensen de bomen het bos niet meer zagen over welke voorstelling ze nog mochten bezoeken of niet. Daar werden ze een beetje moe van", tinkt er.

"Lekker vol, druk en gezellig"

Troch it coronafirus koenen de teäters ferline jier pas oan de ein fan febrewaris wer foarsichtich iepen. Dat hat se in soad jild koste en dêr binne se noch net hielendal oerhinne. "2022 is geen goed jaar voor ons geweest, maar we zijn in de tweede helft van het jaar natuurlijk wel iets ingelopen."
"Ik verwacht in 2023, als het zo blijft als het nu is en we de inflatie een beetje onder controle krijgen, dat de mensen gewoon weer naar het theater komen", seit Buma.
Dat liket oan it begjin fan dit jier yn elk gefal te slagjen, want neffens Buma wienen de earste foarstellingen "lekker vol, druk en gezellig".