KNMI kundiget koade giel ôf foar woansdeitejûn en tongersdeitemoarn

© Omrop Fryslân
It KNMI hat foar woansdeitejûn foar Fryslân koade giel ôfkundige. Dan wurde der swiere buien ferwachte mei wynstjitten tusken de 75 en 100 kilometer yn de oere. Ek kin it tongerje en kin der hagel falle. De warskôging jildt ek foar de rest fan it lân.
It giet om tongerbuien, mei kâns op hagel en wynstjitten. De stoarmen lûke woansdei út it westen oer ús provinsje. De koade giel jildt fan 20.00 oere oant 23.00 oere.
Ek op tongersdeitemoarn tusken 06.00 oere en 10.00 oere jildt de waarwarskôging. Dan wurde wynstjitten tusken de 75 en 90 kilometer yn it oere ferwachte. De koade giel jildt ek foar Noard-Hollân, Súd-Hollân en Seelân.
It KNMI warskôget dat bûtenaktiviteiten en it ferkear hinder ûnderfine kinne fan it waar.