KNMI: kâns op Alvestêdetocht mooglik noch lytser as tocht

De Alvestêdetocht fan 1997 © ANP Foto
De kâns dat der ea noch in Alvestêdetocht komt, is mooglik noch lytser as tocht waard. Ta dy konklúzje komt it Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut (KNMI).
Neffens it ynstitút docht út resint ûndersyk bliken dat de doer fan kjeldperioaden ôfnimt yn in opwaarmjend klimaat. De ôfname is mar twa oant trije persint, "maar omdat voor een Elfstedentocht alles moet kloppen, kan die ene dag minder net het verschil maken."
Foar in Alvestêdetocht is neffens it KNMI in rige fan fyftjin dagen nedich wêrfan't de gemiddelde temperatuer net heger is as -4,2 graden Celsius.

Te optimistysk

Earder berekkene it KNMI noch dat de kâns op de tocht yn de ôfrûne hûndert jier ôfnaam is fan ienkear yn de fiif jier nei ienkear yn de tolve jier. Oan de ein fan dizze iuw soe de kâns op in Alvestêdetocht omleech gien wêze nei ienkear yn de tweintich jier.
Dy foarsizzing liket no dus te optimistysk, omdat dêryn net meinaam is dat de lingte fan de kjeldperioaden ôfnimt. It KNMI skriuwt net hoe grut oft de kâns op in Alvestêdetocht neffens harren no is.
De lêste kear dat de Alvestêdetocht ferriden waard wie yn 1997. Dat wie ferline wike 26 jier lyn.