Weststellingwerf yn berop tsjin oanwizing ekstra stikstofgefoelige natuer

Natuergebiet De Brandemar by Aldlemmer fan Steatsboskbehear © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It kolleezje fan Weststellingwerf giet yn berop tsjin it saneamde 'Wijzigingsbesluit Habitatrichtlijngebieden'. Dêryn wurde bepaalde natuerwearden yn natuergebieten útwreide. Dêrtroch moat der mear dien wurde om de stikstofbelesting te ferleegjen.
Yn Weststellingwerf hat de rjochtline gefolgen foar natuergebieten De Rottige Meenthe en de Brandemar. Dy gebieten falle no ûnder de kategory 'ekstra gefoelich foar stikstof'.
Der binne soargen dat it beskermjen fan de natuerwearden liede kin ta gefolgen foar boeren en bewenners om de natuergebieten hinne. Nije ûntwikkelingen dy't foar mear stikstofdelslach soargje kinne, bygelyks in bouprojekt of de útwreiding fan in melkfeebedriuw, wurde dêrtroch mooglik behindere.

Ek Eaststellingwerf yn berop

Buorgemeente Eaststellingwerf giet yn berop tsjin it oanwizen fan in gebiet by Alde Willem as 'vogelrichtlijngebied'. Neffens wethâlder Jan van Weperen is dêr net direkt sprake fan stikstofgefoelige wizigingen, mar it kolleezje wol mei it beswier wol sizze dat in feroaring net liede mei ta beheining fan grûnbrûkers.