Soarchorganisaasje ZuidOostZorg wol mei nije technology minsken mei demintsy better helpe

In frou mei demintsy © ANP
Soarch- en kennisorganisaasje ZuidOostZorg sil nije technology ynsette om bettere soarch biede te kinnen oan demintearjende minsken. Yn de keamers fan de bewenners binne sensoaren pleatst. Dy jouwe in melding as it gedrach fan in bewenner ôfwykt fan it gewoane gedrach.
Soarchmeiwurkers krije in melding op de telefoan. Sy hoege dan allinnich yn aksje te kommen as der in ûnfeilige situaasje ûntstien is. Op dizze wize is der mear rêst, likegoed foar de bewenners as it soarchpersoniel.

Allinnich melding by ôfwiking

Der wurdt allinnich in melding dien wannear't it gedrach fan in kliïnt ôfwykt fan it eigen patroan. As ien nachts nei it húske giet en letter wer op bêd leit, folget der gjin melding. Duorret it langer as gebrûklik, dan bart dat wol.
"Daardoor kunnen we weer meer tijd besteden aan cliënten die de aandacht van de zorg echt nodig hebben. Het is een soort positief domino-effect", seit Tjitske Kooi, wurksum yn de fêstiging Lijtehiem yn Oerterp.

"Werk gaat beter en wordt leuker"

Neffens Kooi makket it nije systeem it wurk makliker en aardiger: "Vroeger liepen we standaard nachtrondes. Nu hebben we veel meer overzicht zonder zelf steeds fysiek aanwezig te zijn. Vroeger kwamen we soms bij bij 9 van de 10 oproepen onnodig langs. Daar werden bewoners onrustig van en het gaf ons veel druk. Nu komen we heel vaak ook niet langs, omdat we door het systeem weten dat het niet hoeft."
De technology is yntusken op fjouwer lokaasjes ynstallearre en meikoarten folget de fiifde.