Probleem mei akwadukt hat 'grootste urgentie' seit minister Harbers

Besite minister Harbers (links) oan Twellingea © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Het heeft de grootste urgentie om dit aan te pakken", sei minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat fan 'e moarn by syn besite oan de Prinses Margriettunnel yn de A7 tusken Snits en De Jouwer.
Hy hat him dêr ynformearje litten oer it probleem yn it akwadukt dêr't it asfalt omheech komt.
Op in boat hat de minister praat mei deputearre Avine Fokkens, meiwurkers fan Rykswettersteat, in transportbedriuw en mei it doarpsbelang fan Toppenhuzen en Twellingea.
Minister Harbers brocht in besite oan de Prinses Margriettunnel
"Dit is de meest trieste aanblik in de hele infrastructuur in Nederland op dit moment. Het is al een regio waar we problemen hadden met bruggen", sei de minister.

Prioriteit

Hy koe net wat sizze oer hoelang't de problemen noch oanhâlde. "Er wordt met man en macht gewerkt aan het onderzoek om erachter te komen wat er aan de hand is. En als dat bekend is, gaan we zo snel mogelijk kijken wat we kunnen doen, aan reparaties en omleidingen. Het probleem heeft absolute prioriteit. De weg ligt eruit en die moet er weer in." Der is jild beskikber.
Minister Harbers
De minister prate mei ferskillende minsken © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Wethâlders Rietman en Groeneveld oer de besite