Dronken Snitser rydt plysje-auto oan by Wurdum

In plysjeauto © ANP Foto
Op de A32 by Wurdum is woansdeitemoarn in plysjeauto oanriden. Dat barde om 07.00 oere hinne.
De bestjoerder ried dêrnei troch en negearre in stopteken fan de plysje. Letter koe in oare plysjewein de auto ta stilstân bringe.
De bestjoerder wie in 45-jierrige man út Snits en hy bliek ûnder ynfloed fan alkohol te wêzen. De man is beboete foar riden ûnder ynfloed, it negearjen fan in stopteken en it ferlitten fan it plak fan in ferkearsûngelok.