Learlingen fan Piter Jelles Impulse en Montessori ha online les, want de kachel docht it net

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De learlingen fan Piter Jelles Impulse en Montessori yn Ljouwert krije dizze wike online les. It giet om sa'n 900 learlingen. Se kinne net op skoalle les hawwe, om't de ferwaarming it net docht.
Moandei kaam dat probleem oan it ljocht doe't de dosinten in stúdzjedei hiene. De learlingen hiene dy dei noch frij en soene tiisdei wer nei skoalle. Dat koe dus net trochgean.
"De gaslieding stie fol wetter, dus der koe gjin gas trochhinne", seit Gjilke Durksz, dosint en teamlieder by Montessori oer de oarsaak. Der wurdt socht nei it lek. "Mei wat gelok soe it sneon klear wêze moatte."
De bern ha yn alle gefallen dizze wike noch online les. "It is no sa'n 11 graden op skoalle, dan kinst net wurkje." De skoalle koe de coronaprotokollen wer út de kast lûke foar de online lessen. "Mar online les hellet it net by fysike les, dat ha we de ôfrûne tiid ek wol murken. Mar it is wol better as neat."
Foar learlingen dy't thús net online lessen folgje kinne, binne wat heaters yn wat lokalen set. It giet om sa'n 10 learlingen. "It is dêr 17, 18 graden." De hiele skoalle ferwaarmje kin net, dat is in te grutte oanslach op it stroomnetwurk. Mocht it langer duorje sille se de learlingen yn de boppebou sa ek ûntfange en sjen nei oare mooglikheden.
Gjilke Durksz