Jasper 366 libbe foar it publyk, seit syn eigener: "It wie syn garisma"

Jasper 366 © Omrop Fryslân
"Foar ús wie it altyd ús Jasper. Mar hy wie fan eltsenien", seit Theo Wijma fan Jislum. De famylje Wijma wie jierren eigener en fersoarger fan Jasper 366, de publyksfavoryt fan de Hynstekeuring.
De dea fan it hynder docht Wijma flink sear. "Hy wie net echt siik, mar in trauma oan de foet belemmere syn bewegingen. Dat fûnen wy net mear Jasper-weardich, dêrom hawwe wy it beslút naam." Sy hawwe de 'King of the stallions' ynsliepe litten.
Wijma tinkt wol útlizze te kinnen wat krekt de magy fan it hynder wie. "It wie dochs syn garisma. Foar ús wie it frij gewoan, mar it griep ús altyd wer hoe't er it publyk ynpakte."
Jasper 366 is dea, de grutte publyksfavoryt by de Hynstekeuring
Jasper 366 libbe foar it publyk. Wijma fernaam dat goed by de Hynstekeuring. "As hy efter stie, stie er noch yn de 'snooze'-stân. Mar as hy dan ienkear ûnder dy tribunen del rûn en it fjild en de minsken seach, gie in knop om. Dan gie er hielendal los. Al dat lûd en applaus om him hinne, dêr gie it om."
Wijma tinkt net gau dat der wer in hynder komme sil as Jasper 366.