Minister Harbers begrypt it synisme oer de Fryske ferkearsympasse: "Trieste realiteit"

Minister Mark Harbers by de Prinses Margriettunnel © ANP
Minister Harbers hat begryp foar it synisme oer de ferkearsympasse yn Fryslân en it gefoel dat 'de regio' op it twadde plak komt. "Ik snap dat dit sentiment er is, maar het is absoluut niet zo."
Minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Mark Harbers jout oan dat it in 'trieste realiteit' is dat der op allerhanne plakken yn it lân ynfrastruktuerproblemen binne. "In alle delen van Nederland hebben we bruggen die in de loop van de afgelopen tientallen jaren zo zwaar belast zijn dat het einde levensduur is."
Harbers kaam woansdei op besite, om poalshichte te nimmen by de problemen mei de Prinses Margriettunnel yn de A7 en de ôfbrokkeljende brêge fan Twellingea.

Yn twa moannen fan joechei nei janboel

Twa moannen lyn, op 14 novimber, koe it kabinet just noch goed nijs bringe. It Ryk en de provinsje Fryslân hiene lang om let ôfspraken makke oer fiif Fryske brêgen.
De oanpak fan de brêgen fan Twellingea, Skûlenboarch en Aldskou wie yn desimber 2021 noch útsteld, mar no reservearre it Ryk wol jild. Boppedat koe foar Spannenburch en Koatstertille ûndersocht wurde oft der nije brêgen of akwadukten komme moatte.
It duorre lykwols mar in moanne foar't omheechkommend asfalt yn de A7 de problemen mei de Fryske brêgen pynlik dúdlik makke. "Het is bij uitstek de plek in Nederland waar je geen kapot aquaduct wil hebben."
De brêge by Spannenburch (argyffoto), ien fan de oare knyppunten © ANP
Harbers wie bliid dat er yn novimber jild meikrige om de brêgen oan te pakken. "Maar daarmee zijn niet gelijk al die bruggen vervangen. Hier is ook geld het probleem niet."

Knyppuntekaart

Deputearre Avine Fokkens joech de minister woansdei in 'knyppuntekaart', dêr't alle problemen op oanjûn binne. "Helaas kende ik het kaartje", fersuchtet de minister.
Het is niet goed als een minister weet waar al die bruggen precies liggen.
Minister Harbers oer de knyppunten yn Fryslân
"Als je als minister precies weet waar iedere brug ligt, dan is het alleen maar omdat ze al op je bureau zijn gekomen omdat er een probleem is. Toen ik aantrad was het de een na de ander." Harbers neamt Koatstertille en Spannenburch. "Het is niet goed als een minister weet waar al die bruggen precies liggen."
Minister Harbers op besite © ANP
Harbers seit wol mei klam dat dit de dreechste perioade is. "Dit is een noodmaatregel. Dit tunneldeel komt omhoog en we weten nog niet precies waardoor, dus weten we ook nog niet hoe je het aan moet pakken." De minister is ôfhinklik fan Rykswettersteat, yngenieurs en in oannimmer.

Gjin falske ferwachtingen

Haadyngenieur-direkteur Joost de Ruig fan Rykswettersteat jout oan dat de grutste urginsje sit by it ûndersykjen oft de tunnel wel foar in part iepensteld wurde kin, bygelyks foar twa kear ien rydstripe.
"Maar daar kan ik nog niets over zeggen, dat weet ik niet", seit hy. "Ik zou het dolgraag willen, maar ik wil ook geen verwachtingen wekken die ik niet kan waarmaken."
Wat der bard is ûnder de tunnelbak, is ek noch net krekt dúdlik. Wol liket it der op dat der meardere ankers losrekke binne. "Het is de vraag of we alles moeten vervangen, dat hangt ervan af hoe het erbij staat."
Ferkearsdrokte by de brêge fan Twellingea © CAMJO media
In grutte groep ûndernimmers hat yn in brânbrief oan de minister kenber makke net foar lange tiid gebrûk meitsje te wollen fan B-diken. Sy hoopje op in tydlike oplossing.
Efko Beton fernimt as direkte 'buorman' fan de brêge by Twellingea de grutte drokte op de Nije Dyk, dy't parallel oan de A7 leit. "Yn it begjin kaam foaral de feiligens yn 'e knipe, de ûntsluting fan it yndustryterrein. Sy rieden 60-70 kilometer de oere, it ynfoegjen is dan libbensgefaarlik", seit Ruurd Riemersma fan it bedriuw.
Hy is bliid dat der no ferkearsljochten binne en dat de minister it serieus nimt. "Al is de ynformaasjefoarsjenning wol frij summier, om't sy noch net witte wêrom't de ankers by de tunnel knapt binne."