Froulju mochten pas nei "flink wat praten" as wedstriidrider yn Alvestêdetocht

Jessica Merkens mei har boek 'Op eigen houtje' op de Dei fan de Alvestêdetocht © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Meidwaan as toerrider mocht al, mar froulju meie pas sûnt 1985 as wedstriidrider meidwaan oan de Alvestêdetocht. Oer alle heroyske ferhalen fan froulju yn de Tocht der Tochten skreau sportsjoernalist en reedrider Jessica Merkens in boek.
Merkens presintearre har boek Op eigen houtje yn kultuer-histoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. Dat die se woansdei, op de saneamde Dei fan de Alvestêdetocht.
De dei fan de Alvestêdetocht wurdt sûnt 2020 holden, om omtinken te jaan oan it kulturele en histoaryske belang fan it evenemint.
"Er zijn boeken vol geschreven over de Elfstedentocht, maar de vrouwen zijn altijd onderbelicht gebleven", seit Merkens as wichtichste reden om dit boek te skriuwen. "Ik vond het mooi om de algemene schaatsgeschiedenis, maar ook de geschiedenis van de sport, vanuit vrouwelijk perspectief te schrijven."
Oant 1985 mochten froulju net meidwaan oan de wedstriid. Dat is doe feroare, ûnder oare mei tank oan de ynset fan Betty Westerveld. "We hebben flink moeten praten om mee te mogen doen", wit se noch. "We moesten bijna smeken om mee te mogen doen."
De fjirde Dei fan de Alvestêdetocht waard fierd mei in boek oer froulju yn de tocht
Westerveld wie maratonrydster. "En dan hoorde een Elfstedentocht er natuurlijk bij. Dat is zó'n uniek gebeuren, dan moet je niet wachten tot een volgende keer."
It wie alle ynset wurdich: Westerveld waard yn 1985 twadde en in jier letter op 'e nij. Yn 1997, oant no ta de lêste edysje, ried se de tocht as toerrider. "Toen was ik al redelijk op leeftijd en die meiden reden zo allejezus hard. Daar had ik niets meer te zoeken."
Betty Westerveld nei de finish fan de Alvestêdetocht yn 1986 © ANP
Spyt hat se der net fan, want de toertocht befoel ek poerbêst. "Het was heel anders. Ik had alle tijd om om me heen te kijken, een beetje meedansen bij de bandjes. Het was geweldig."
It hat in lange striid west, kaam Merkens achter. "In de jaren 40 waren er al twee Friese vrouwen die het bestuur hadden gevraagd of ze mee mochten doen. Dat waren Wopkje Kooistra en Sjoerdje Faber uit Wergea. Maar het bestuur besloot om hun aanvraag niet te accepteren en zeiden dat ze toch de toertocht moesten rijden. Toen hebben ze er onderling maar een wedstrijd van gemaakt."

Mei lange rokken en op houtsjes

It binne de ferhalen dy't it foar Merkens moai meitsje om in boek te skriuwen. By it útsykwurk foar it boek kaam mear moaie ferhalen tsjin. "Ik vond het heel bijzonder om te leren dat er zo vroeg al Elfstedentochten werden verreden. Al in de jaren 1700. Zo heb ik ook het verhaal opgetekend van Akke en Liesbeth Zwierstra: zij reden de tocht al in 1890, een tijd met lange rokken en houtjes. Bovendien had Akke een zes maanden oude baby."
As de Alvestêdetocht oait wer holden wurdt, stiet Merkens foaroan by de wedstriidriders. "Ik zit al jaren te wachten."