Frysk boek oer leafde, ferried en autocross moat bern wer oan it lêzen krije

De skoalbern by de crossauto © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Mear as 5.700 learlingen yn de ûnderbou fan fjirtich skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân sille seis wiken lang oan 'e slach mei it boek 'Kening fan de cross'. De learlingen sille opdrachten meitsje by dat boek yn it ramt fan it projekt LêsNo!
It is de njoggende edysje fan it ynnovative lêsbefoarderingsprojekt foar jongeren yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
Frysk boek moat bern wer oan it lêzen krije
"We besykje mei it ûnderwerp fan it boek, de filmkes en de opdrachten sa goed mooglik oan te sluten by de jongerein en dosinten", fertelt Gertrud Palstra út namme fan de projektgroep.
"Dat is de krêft fan dit lêsbefoarderingsprojekt. Dat slagget hieltyd better en we binne dan ek bliid dat er dit jier safolle dielnimmers binne."

Autocross, leafde en ferried

Twahûndert learlingen fan de ûnderbou fan it Marne College yn Boalsert krigen woansdei it boek 'Kening fan de cross'. It is skreaun troch Freddie Scheltema. Hy hopet dat it de jongerein oanset ta lêzen.
"It giet oer autocross, mar ek oer leafde, freonskip en ferried. It moat de bern stimulearje om wat faker in boek te pakken en wat minder op TikTok en Snapchat te sitten, al wit ik dat ik dy striid mei in sosjaal medium ferlieze sil", seit Scheltema.