Utwurking eveneminteregels smyt op 'e nij fûle diskusje op yn Skylger ried

Siart Smit fan Oerol op de riedsgearkomste © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Hoe't it komt mei it evenemintebelied op Skylge is noch net útiten. Yn de fêststelde fisy wurde de regels stranger, wêrtroch't ferskate partijen benaud binne dat it de nekke omdraaie kin fan lytse eveneminten.
Nei jierren fan harrewarjen oer festivals wol Skylge belied meitsje foar eveneminten. Dêr wurdt al fjouwer jier oan wurke, mar woansdei waard dúdlik dat de gemeente noch in soad te dwaan hat as it om de krekte útwurking fan it belied giet.
Dêr komt in soad sjen by it organisearjen fan in evenemint op Skylge. Hoe't dat yn de takomst moat, wie woansdei ûnderwerp fan petear yn de gemeenteried. Dy hat in evenemintefisy fêststeld, mar de útwurking dêrfan smyt soargen op. Dochs is der woansdei noch neat oer besletten.

Oerol-direkteur benaud

"We gaan het kind met het badwater weggooien", is de gearfetting fan Oerol-direkteur Siart Smit. Hy is benaud foar de takomst fan eveneminten op it eilân.
Festival Eilân yn 2019 © Omroep Zilt
De regels wurde stranger, wylst de eveneminten neffens Smit just bydrage oan de tradysjes en wolfeart op it eilân. "Dat mogen we ons iets bewuster van zijn", fynt er.
Smit pleitet foar in fergunning dy't meardere jierren jildich bliuwt. "Waarom willen we iedereen elk jaar door het vergunningstraject te gaan?"

Noed oer lytse eveneminten

Ek by de eilanners binne der twivels oer it belied. Bygelyks by de klankboerdgroep, dy't opset wie om mei te praten oer it belied. Foar dy groep hat de gemeente sa'n tsien eilanners selektearre: foar- én tsjinstanners fan festivals.
Walter Visser joech út namme fan dy groep oan it spitich te finen dat fan dat meipraten oer it belied net folle kaam is. Boargemaster Caroline van de Pol sei yn reaksje dat it net om nij belied giet, mar om in útwurking fan in earder fêststelde fisy. "Er is niks nieuws onder de zon."
By de riedsgearkomste © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De klankboerdgroep tinkt lykwols dat der problemen komme as it belied net feroaret. "Als dit wordt uitgevoerd zijn kleine evenementen er over twee jaar misschien niet meer."
It krijen fan in fergunning soe dreger en djoerder wurde. In dreech ferhaal foar eveneminten dy't faak op frijwilligers draaie. Fierder komme de fergunningen ek let, sa is Visser fan betinken. "Iemand die in wil spreken heeft geen kans meer."

Ambulânse en plysjesoarch

In oar punt is de ekstra ambulânse dy't op it eilân wêze moat as der in grut festival holden wurdt. Dêrmei moat de soarch foar de eilanners garandearre wurde. Mar de ambulânsetsjinst kin soks net tasizze.
In selde ferhaal jildt foar de plysje, by wa't grutte eveneminten ek yn in ier stadium oanfrege wurde moatte. De plysje hat ek te lijen mei krapte en kin net samar plysjes op meardere eveneminten tagelyk ynsette.
Van de Pol har posysje as boargemaster stiet faai. De ried hat it fertrouwen yn har opsein, om't sy it gefoel hawwe net goed en net op tiid ynformearre te wêzen.
Oft boargemaster Van de Pol noch trochgean kin, moat dizze moanne dúdlik wurde. Dan wurdt in ûndersyksrapport nei it hanneljen fan it kolleezje yn it iepenbier behannele.