Oekraynske Nataliia sjongt it Frysk folksliet yn it Abe Lenstra: "Ik bin sa grutsk"

It Frysk folksliet troch Nataliia Gryshchenko
De skouders omheech, it boarst foarút en in stim dy't eltsenien yn it hert rekket. De Oekraynske flechtling Nataliia Gryshchenko makke yndruk yn it Abe Lenstra Stadion mei it sjongen fan it Frysk folksliet.
Oft Nataliia ek nerveus wie om foar tûzenen fuotbalfans op te treden, woe men flak foar de bekerwedstriid sc Hearrenfean tsjin Volendam witte. "Nee, hielendal net", sei sy.
"Ik bin grutsk dat ik dit dwaan mei. Ik fiel de enerzjy fan de wurden en wol de Friezen nei in oerwinning tasjonge." Sy fertelt dêrby dat se hopet dat har heitelân Oekraïne ek winne sil yn de oarloch.
Nataliia Gryshchenko fan Donkerbroek sjongt it Frysk folksliet
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Midden op it fuotbalfjild fielt sy har no thús, al is har échte thús yn Kiev. Njoggen moannen lyn flechte sy út dy stêd wei en krige sy in waarm plakje yn Donkerbroek. Sy wie yn Oekraïne sjonglearares en docht dit no ek op it Stellingwerf College yn Easterwâlde.
"En no it Frysk folksliet sjonge. Geweldich. Ik bin eltsenien tankber dat wy hjir sa opfongen wurde."
Nataliia Gryshchenko op it fjild
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Gryshchenko wie goed in moanne lyn te gast by Omrop Fryslân, dêr't sy yn it programma Goeiemiddei al foarútseach op it optreden.
Sy hie it Frysk folksliet songen as tank foar de Fryske gastfrijheid en krige in soad moaie en emosjonele reaksjes. En dêrnei kaam ek de útnûging fan sc Hearrenfean om te sjongen yn it stadion.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Mei stadionspeaker Jouke de Vries fan sc Hearrenfean waard it plan betocht om Natalia by in wedstriid út te nûgjen. It publyk song mei en fûn it optreden geweldich.
Nataliia selfs hie der gjin wurden foar. "Myn hert wie fol emoasjes, ik kin it net útlizze. Ik bin sa lokkich."