Noardeast-Fryslân bliuwt bepaalde tsjinsten dochs leverjen oan Dantumadiel

It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeente Noardeast-Fryslân sil ek nei 1 jannewaris 2024 bepaalde tsjinsten leverje oan buorman Dantumadiel. Dat is ôfpraat nei oerlis tusken beide gemeenten op fersyk fan Dantumadiel.
It giet benammen om taken lykas it ynsammeljen fan ôffal, de salarisadministraasje, belestingen, WOZ en de basisregistraasje. Der moast in ôfspraak foar komme om't de hjoeddeistige, wêrby;t Noardeast-Fryslân alle amtlike taken leveret oan Dantumadiel, mei yngong fan 1 jannewaris 2024 ophâldt.

Wol of gjin fúzje?

It giet om ûngefear tsien minsken dy't taken útfiere sille foar Dantumadiel. Op dit stuit ha beide gemeenten mei elkoar sa'n 650 amtners yn tsjinst. De gemeente Noardeast-Fryslân seit 'een goede partner' wêze te wollen foar de buorgemeente.
De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân moat noch wol in beslút nimme oer de ôfspraak.
Earder sei de ried dat gearwurking allinnich mooglik is, wannear't dat op termyn folge wurdt troch in fúzje. "Der is noch hieltyd in mooglikheid ta gearwurking, mar dan moat wol dúdlik wêze wat foar ús it nut fan dy gearwurking is", sei wethâlder Aant Jelle Soepboer earder by Omrop Fryslân yn it Polytburo.