Wiebrig Osinga oer har Fryske hynders yn Kanada: "Gesoademiter mei djipfriessperma"

Wiebrig Anna Osinga mei ien fan har grutte leafdes © eigen foto
Wiebrig Anna Osinga (51) komt fan Aldeboarn, mar sûnt 1992 wennet se yn South Granville op Prince Edward Island. Dat is in eilân foar de eastkust fan Kanada. De winsk om te buorkjen brocht har en har man Erik dêr: "We wiene hjir op fakânsje en koene in lytse pleats mei 25 kij oernimme."
Hoewol't Osinga in echte Fryske foarnamme hat, wurdt se yn Kanada eins allinnich mar Anna neamd. "Yn Fryslân kinne se my as Wiebrig, mar yn Kanada bin ik Anna", laket se. "De namme Wiebrig ha se wat muoite mei yn Kanada, benammen dy g op it ein grieme se mar wat mei om. It klinkt dan wat as Wibrik of sokssawat."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Dochs praat Osinga sels nei tritich jier noch altyd goed Frysk: "Ik praat it noch elke dei mei myn man Erik, en ek mei oare emigranten ûnderhâlde wy it Frysk. Sels ús âldste twa bern kinne it wol aardich. Allinnich de jongste praat it eins net."
Yn de tuskentiid is de lytse pleats mei 25 kij útgroeid ta in bedriuw mei sa'n 200 kij. "We ha de tiid mei hân, we meie absolút net eamelje. Yn it begjin wie it wol spannend, mar we ha der nea spyt fan hân."
De pleats fan de Osinga's yn South Granville © eigen foto
Neist de kij binne der yntusken ek fiif Fryske hynders te finen op it bedriuw. Dat wie in grutte winsk fan Osinga. "Wy wenje yn in prachtich plakje, mar se ha dêr gjin Fryske hynders. En ús pake en beppe en ús heit en mem hiene altyd wol Fryske hynders. Ik bin dus de tredde generaasje. Dêr bist mei opgroeid en dat sit yn je bloed. Dus dat ik hjir gjin hynders om my hinne hie, dat wie efkes skeakelje."
Wiebrig Osinga op ien fan har Fryske hynders op it strân fan Prince Edward Island © eigen foto
Uteinlik hat Osinga yn 2005 har earste Fryske merje oerkomme litten. Yntusken hat se der fiif, en besiket se ek sels te fokken. "Myn man moat dan diepfriessperma meinimme, mar it is in hiel gesoademiter om dêr oan te kommen. En mei ien merje slagge it dêrnei nochs net. Uteinlik ha ik noch twa merjes oerkomme litten en dêr is it ôfrûne simmer wol mei slagge."
De Fryske hynders binne ek de reden dat Osinga op dit stuit werom yn Fryslân is. "De hynstekeuring is it spektakel fan it jier foar my fansels. De sfear en de gesellichheid, dat moast meimeitsje. Dat gefoel, dat kinst net útlizze. We kinne lang net elk jier hinne, want we ha fansels thús ek hynders, bern en kij, mar yntusken kin it wolris wat faker."