Drokte op earste dei fan fallisemintsútferkeap Jan Sikkes

In rige foar it begjin fan de fallisemintsútferkeap fan Jan Sikkes © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der is in soad flecht op de koai by de earste dei fan de fallisemintsútferkeap fan Jan Sikkes. Yn Snits stienen der op it stuit dat de doarren iepengienen tusken de tweintich en tritich minsken foar de doar.
"Het is treurig", seit ien fan de betide klanten oer it fallisemint fan de stoffewinkel. Se komt om stof te keapjen sadat se in broek foar har soan naaie kin.
Jan Sikkes hâldt útferkeap
"Ik lees dat Van der Meulen (de kurator, red.) een doorstart probeert en dat zou natuurlijk heel mooi zijn. Ook voor de mensen die er werken, want het zijn er nogal wat die zonder werk komen", seit de frou.

Oerdondere

Ien fan dy minsken dy't mooglik sûnder wurk komt te sitten is Arnold Oosterhoff. Hy wurket al hast 45 jier by it bedriuw. Hy waard begjin dizze moanne folslein oerdondere troch it beslút.
"We begripe it allegearre net. It kaam samar út de loft fallen. Jou it mar ris in plak. Ik wit it noch net in plak te jaan", seit Oosterhoff.
Arnold Oosterhoff © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Oosterhoff wol der net oan tinke wat er moat as er aanst mooglik gjin wurk mear hat. "Wat binne de mooglikheden noch as je 63 jier binne. It is persoanlik leed en dat is net allinnich foar my. Dat is foar al dy meiwurkers dy't op dy wize, ja in bytsje te plak set wurde. Dat is in skande."
Hy hopet dat der in oernamekandidaat komt. "Wy hoopje fansels dat der noch wat yn sit. Wy hoopje op in oername. Ik moat sizze: dy kurator is in fantastyske man. Dy set him mei hert en siel foar ús yn", seit Oosterhoff.
De fallisemintsútferkeap duorret noch oant en mei 11 febrewaris.