Ynspeksje troch Rykswettersteat oan brêge by Spannenburch giet freed net troch

De brêge by Spannenburch © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
De ynspeksje, dy't Rykswettersteat freed útfiere soe oan de brêge by Spannenburch, giet dochs net troch. Neffens Rykswettersteat binne de waarfoarsizzings te min om de ynspeksje feilich út te fieren.
De ynspeksje is nedich om de feilichheid fan de brêge te garandearjen. Trochdat ferkear de Prinses Margriettunnel op de A7 tusken Snits en De Jouwer net brûke kin, kriget de brêge by Spannenburch folle mear ferkear te ferwurkjen.

Bouten kontrolearje

Ynspekteurs moatte ûnder de brêge de houten konstruksje ûndersykje. Dêr sjogge sy oft de bouten fêstset wurde moatte of oan ferfanging ta binne. Dat kin allinnich as der op dat stuit gjin ferkear oer de brêge giet.
Yn oerlis mei de oannimmer, de provinsje en de gemeente De Fryske Marren siket Rykswettersteat nei in nije datum foar de ynspeksje.