Hast in kwart fan de Fryske jongfolwoeksenen ûnderfynt in soad stress

In man mei stress © ANP Foto
Hast in kwart fan de Friezen tusken de 18 en 34 jier ûnderfynt in hiel soad stress. Dat docht bliken út de nije monitor Wolwêzen fan it Frysk Sosjaal Planburo. Ek it part fan de jongfolwoeksenen dat risiko rint op eangst of depresje is tanaam.
It part fan de minsken dat in soad stress ûnderfynt nimt ôf by it âlder wurden. By 75-plussers hat 'mar' fjouwer persint fan de minsken te krijen mei in soad stress. Wol skoare de âlderen faker negatyf op iensumens en it gebrek oan eigen regy.
Yn totaal ûnderfynt fjirtjin persint fan de Friezen in soad stress. Dêrmei skoart ús provinsje better as it lanlik gemiddelde. Dat leit op achttjin persint. Yn de gemeente Ljouwert jout santjin persint fan de minsken oan in soad stress te ûnderfinen, wylst dat yn de gemeente Waadhoeke mar tsien persint is.

Iensumens

Hast de helte fan de ynwenners fan Nederlân boppe de 75 jier is iensum. Dat is heger as it Fryske gemiddelde fan 41 persint. Op It Amelân binne de minste âlderen iensum. Dêr jout mar 31 persint dat oan. Yn Fryslân skoart de gemeente Ljouwert mei 46 persint iensume âlderen it minst.