Selstraf easke tsjin fertochte (19) fan oerfal op Dokkumer tankstasjon

Dit pompstasjon yn Dokkum waard oerfallen © Ate Atema
It Iepenbier Ministearje hat 240 dagen jeugddetinsje, wêrfan 71 dagen ûnder betingst, easke tsjin de 19-jierrige Dokkumer dy't derfan wurdt fertocht yn july ferline jier in tankstasjon yn Dokkum oerfallen te hawwen. Dat soe er dien hawwe mei syn jongere broerke.
De Dokkumer hat autisme. Dêrtroch kin de oerfal him neffens in psycholooch net folslein oanrekkene wurde. Ek stelde de psycholooch fêst dat de jonge gjin 'kriminele ynslach' hat.
Fanwegen de persoanlike omstannichheden fan de Dokkumer besleat de offisier fan justysje neffens it jeugdstrafrjocht te easkjen.

Steurnis

De man koe him in soad details fan de oerfal net mear weromhelje. Dat hat neffens de offisier alles te krijen mei syn steurnis. Dochs like der sprake west te hawwen fan in plan: de jonge hie syn trui binnenstebûten oan dien en in pet opdien om werkenning dreger te meitsjen.
De oerfallers drigen de meiwurkster fan de tankshop mei messen. Se makken 160 euro en in blikje Red Bull bút. Deselde middei waarden se noch oanholden neidat de plysje se werkend hie op kamerabylden. De Dokkumer sit noch hieltyd fêst.

Strukturearre omjouwing

De straf dy't de offisier easke, is gelyk oan it foararrest. Fierder soe de jonge ûnder tafersjoch fan de reklassearring komme moatte en moat er in behanneling ûndergean. Neffens de psycholooch hat er baat by in sterk strukturearre omjouwing. De jonge kin terjochte yn in ynstelling yn Assen.
De saak fan de minderjierrige broer waard tongersdeitemiddei efter sletten doarren behannele. De rjochtbank docht op 26 jannewaris útspraak.