Noch mear problemen op de dyk by Snits: N7 fannacht ticht fanwege asfaltreparaasje

In auto fan Rykswettersteat © ANP
De N7 tusken Snits-West en Boalsert wurdt fannacht tusken 12 en 4 oere ôfsletten fanwege in haastreparaasje oan de dyk. Dat meldt Rykswettersteat. Der is skea ûntstien oan it asfalt en dy wurdt jûn ferholpen.
De rjochter rydstripe is op dit stuit al net tagonklik foar it ferkear. De ôfslach rjochting yndustryterrein De Hemmen is noch wol te berikken.
De problemen op de N7 binne net de iennige problemen op de dyk yn de omjouwing fan Snits. Troch in omheechkommend segmint fan de Prinses Margriettunnel is de A7 tusken Snits en De Jouwer al sûnt heal desimber ôfsletten.
Dat soarget foar in protte ekstra ferkear op de Nije Dyk tusken De Jouwer en Snits, by Toppenhuzen en Twellingea del en de N354 tusken Spannenburch en Snits, dy't troch De Hommerts-Jutryp giet.