GGD Fryslân set ein jannewaris útein mei ynhelkampanje HPV-faksinaasje

© ANP
GGD Fryslân set op 30 jannewaris útein mei in ynhelkampanje foar de faksinaasje fan jongfolwoeksenen tsjin it 'humaan papillomavirus' (HPV). Dat firus is oerdraachber fia yntym kontakt en kin ferskate foarmen fan kanker feroarsaakje.
"Ongeveer acht op de tien mensen krijgt minimaal één keer in zijn leven te maken met een HPV-infectie. De meeste mensen merken daar eigenlijk niks van, het lichaam ruimt het virus dan zelf op", leit dokter Iris Korevaar fan GGD Fryslân út.
Yn guon gefallen bliuwt it firus wol oanwêzich en dan kin der nei in pear jier kanker ûntstean. "De meest bekende is de baarmoederhalskanker, maar het kan ook gaan om kanker in de mondkeelholte, bij de anus, de penis, de schaamlippen en de vagina", seit Korevaar.

Faksinaasje fergees

Foar in grut part is sykte foar te kommen troch faksinaasje. Dêrom wurdt dizze kampanje opset foar de groep jongeren dy't berne binne tusken 1 jannewaris 1996 en 31 desimber 2003 en dy't noch net folslein faksinearre binne tsjin HPV. Dat bart op de fiif priklokaasjes dêr't ek de coronafaksinaasjes set wurde, te witten Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten, Snits en Dokkum.
Foar in optimale wurking binne der twa prikken nedich, dy't in heal jier nei inoar set wurde moatte. "Alleen in 2023 zijn deze prikken gratis dus het advies is om de eerste prik niet te laat te plannen, zodat de tweede ook nog gratis is."

Bywurkingen

Neffens Korevaar hoege jongeren gjin swiere bywurkingen fan it faksin te ferwachtsjen. "Het vaccin is veilig en er zijn geen ernstige bijwerkingen bekend. Hooguit wat milde bijwerkingen zoals pijn of zwelling op de prikplaats of enkele dagen hoofdpijn, spierpijn of koorts. Over het algemeen duurt dat dan niet langer dan een paar dagen."