LTO Noard teloarsteld oer skerpere natuerregels: "Doelen hieltyd fierder út sicht"

De Aldegeaster Brekken by stoarm © Omrop Fryslân, Remco de Vries
LTO Noard hat beswier oantekene tsjin it beslút fan it Ryk om de Habitatrjochtline foar tsientallen Natura 2000-gebieten oan te skerpjen. Neist de boereorganisaasje ha ek ferskate Fryske boeren yn de buert fan sa'n gebiet dat dien, fanwegen de gefolgen dy't de skerpere regels mooglik hawwe foar harren bedriuwsfiering.
Under oare yn de buert fan Aldegeaster Brekken hawwe boeren beswier makke tsjin de skerpere rjochtline. It gebiet by de Brekken is koartlyn troch it Ryk útroppen ta Natura 2000 gebiet tsjin it sin fan gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân.

LTO teloarsteld oer gong fan saken

"Wy krije dêr in hiel soad fragen oer, benammen út de omjouwing fan de Aldegeaster Brekken, want dêr is it de boeren rau op it dak fallen", fertelt Trienke Elshof fan LTO Noard. "Mar berop oantekenje is net samar wat, it betsjut dat je in ekologyske ûnderbouwing oanleverje moatte. As LTO binne wy no drok dwaande om dy ûnderbouwing foar elts gebiet te leverjen."
Elshof is foaral teloarsteld oer de gong fan saken. "It taheakjen fan nije planten oan de list betsjut in swierdere opjefte foar de boeren. Dat betsjut dat de doelen, dy't boeren helje moatte as it giet om stikstofreduksje, hieltyd fierder út sicht komme."
Ferslachjouwer Onno Falkena yn petear mei Trienke Elshof fan LTO Noard
De skerpere regels komme op in gefoelich momint, want nije wike begjinne de oerlistafels fan it ministearje fan Lânbou mei de sektor oer it lânbouakkoart en in better perspektyf foar de lange termyn. Doelen fan de oerlistafels binne in better fertsjinmodel foar de boeren en it werstellen fan it betrouwen tusken oerheid en de agraryske sektor.

Perspektyf op lange termyn

Mei skerpere Habitat-easken wurdt benammen dat lêste der net makliker op, neffens Elshof. "De sektor fielt him echt oanfallen troch de ryksoerheid. Boeren hawwe it gefoel dat der hieltyd mear fan harren ôfnommen wurdt en dat fielt net goed."
De lânbousektor giet nije wike likegoed mei de oerheid yn petear, mar nimt wol in list mei winsken mei fan saken dy't de boeren graach regelje wolle foar in knap fertsjinmodel en in better perspektyf op de lange termyn.