FIDEO: Sjoch hjir de twadde dei fan de Hynstekeuring werom

De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS wurdt dit jier wer trije dagen lang útstjoerd troch Omrop Fryslân. Fan tongersdei oant en mei sneon is alles live te folgjen fia meartalige livestreams op ús webside en de Omrop-app. De lêste dei wie ek live te folgjen op telefyzje.
De Hynstekeuring begûn hjoed om 9.00 oere mei de Horses2fly KFPS Sportcompetitie Tuigen. Fan 12.30 oere ôf stie diel twa fan de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal.
Sjoch foar it folsleine útstjoerprogramma en mear ynformaasje oer de Hynstekeuring hjir.