Skiep yn Ljussens deabiten troch in goudjakhals

In goudjakhals © Shutterstock.com (Soru Epotok)
In goudjakhals hat begjin novimber by Ljussens in skiep deabiten. Dat docht bliken út DNA-ûndersyk fan BIJ12.
It liket derop dat it bist him yn Fryslân fêstige hat, omdat der yn oktober yn Ferwert ek yn fee oanfallen is troch in goudjakhals.

Earste kear

Begjin oktober waarden der trije lammen deabiten troch ek it rôfbist. Dat wie de earste kear dat it bist skiep deade yn de provinsje Fryslân.
Op 12 febrewaris waard foar it earst in goudjakhals sjoen yn Fryslân. Dat wie yn gemeente De Fryske Marren. Mar noch nea earder waard yn Fryslân skiep deabiten troch sa'n bist.

Neefke fan wolf

De goudjakhals is it neefke fan de wolf en komt gewoanwei net foar yn Nederlân. "De goudjakhals komt oarspronklik foar yn Súd-Europa en Súd-Azië. Mar hy is dwaande mei in opmars troch Europa", leit Glenn Lelieveld, koördinator by it Wolvenmeldpunt, út. "Er zijn zo'n zeven of acht meldingen van waarnemingen van het dier in Nederland."