Rapport: fertrouwensbreuk yn Skylger polityk kin lime wurde, mar net samar

Boargemaster Van de Pol © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De fertrouwensbreuk tusken boargemaster Caroline van de Pol en de gemeenterie fan Skylge is noch te lymjen. Dat seit Geke Faber, dy't de Skylger polityk yn opdracht fan kommissaris fan de Kening Arno Brok ûndersocht, yn har rapport dat freed iepenbier wurden is.
It lymjen giet lykwols net samar, stelt Faber. De Skylger polityk soe wat mear mei inoar prate moatte, sa konkludearret se.

Hiele polityk op 'e kofje

Faber is âld-Keamerlid en wie earder ek steatssekretaris. De kommissaris fan de Kening frege om har help nei't de rie fan Skylge ferline jier septimber it fertrouwen yn de boargemaster op sei.
By har ûndersyk krige se fan Brok 'in frije opdracht' en se mocht sels bepale mei wa't se prate soe. Uteinlik kaam hast de hiele Skylger polityk by Faber op 'e kofje: riedsleden, bestjoerders, mar ek de âld-griffier en in âld-wethâlder praten mei.

Unienichheid

Foar de úteinlike eskalaasje wie der sawol yn de rie as yn it kolleezje ûnienichheid. De rie krige bygelyks gjin help fan amtners by it foarmjen fan in koälysje. De ûnderhannelers sizze dat se dêr wol om frege hienen, wylst se by it amtlik apparaat krekt fernuvere wienen dat der gjin fersyk binnenkaam wie.
De gemeenterie en it kolleezje fan Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Ek by it foarmjen fan it nije kolleezje gie it mis troch miskommunikaasje oer de portefúljes. Nei in 'onaangename woordenwisseling' yn maaie wie dy kjeld wol wer út de loft.

Misferstannen

Alle ûneinichheid eskalearre úteinlik by it meitsjen fan in toetsingskader foar eveneminten. De ried frege om faasje, mar it duorre harren te lang.
"De dynamiek die daarna ontstaat is voor een buitenstaander lastig te duiden. In ieder geval zijn er nogal wat misverstanden ontstaan", skriuwt Faber yn har rapport.
De gemeentekommisje © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De rie sei lykwols wol it fertrouwen op yn de boargemaster. Krekt omdat de fertrouwensbreuk foar in part fuortkaam is út 'misverstanden, langs elkaar heen praten, miscommunicatie en beeldvorming' tinkt Faber dat it wol wer op te lossen is.

Mear begryp en respekt

"Wat meer begrip voor elkaars verschillende posities en daarmee ook respectvoller on de omgangsvormen is een groot aandachtspunt", skriuwt Faber. "Praat met elkaar."
Neffens har sjocht de boargemaster mei mingde gefoelens werom op de ôfrûne tiid en slút se har eagen net foar har eigen rol dêryn. Faber tinkt dat it dêrom ferstannich is as Van de Pol fan no ôf coacht wurdt.
Ek de rie kin neffens Faber help brûke om in folgjende krisis foar te kommen. Faber tinkt dêrby oan in debattraining, mar ek oan in mearjierre-aginda om de bestjoerskultuer yn de gemeente wer op oarder te krijen.