It bliuwt noch oant moandei bibbertoskjen op twa Ljouwerter skoallen

Daan hat online les, mar is wol op it Montessori © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De ferwaarming fan de Montessori High School en it Piter Jelles !mpulse is wer makke. Mar oant moandei is it noch te kâld om les te jaan op de Ljouwerter skoallen.
Yn de hallen is it glûpende kâld. Op guon plakken is it mar acht graden. De ferwaarming fan de middelbere skoallen is stikken, om't der wetter yn de liedingen kaam.
De liedingen binne freed al wol opknapt, mar de skoalle kin noch net iepen. Earst moat de kjeld út it gebou. Ek moat de ferwaarming op 'e nij programmearre wurde, want it systeem wie útskeakele.
It bliuwt noch efkes bibbertoskjen op twa Ljouwerter skoallen
Dosinten en learlingen wurkje dêrom fan hûs. Dochs binne der in pear dappere striders dy't noch op de skoalle sitte.