Publyksfavoryt Jasper 366 betocht by Hynstekeuring

Jasper 366 © Omrop Fryslân
De Fryske hynst Jasper 366 sil sneon op de Hynstekeuring yn Ljouwert betocht wurde. Om it middeisoere hinne sil mei filmbylden stilstien wurde by de prestaasjes fan de tophynst.
Ek wurde de eigeners, de famylje Wijma fan Jislum, efkes tasprutsen. Jasper wie jierren de grutte publyksfavoryt op de Hynstekeuring en hie in hiel soad fans. Yn 2020 naam de 'King of the stallions' fanwege syn leeftiid al ôfskied fan it publyk op de Hynstekeuring.
De hynst hie de lêste perioade bot lêst fan in geswel oan de foet. De eigeners ha him dizze wike ynsliepe litten op 27-jierrige leeftiid.

3.000 dekkingen

Yn syn libben binne sa 'n 3.000 dekkingen fan him registrearre, hy hat fiif goedkarde soannen en in soad bernsbern. Yn 'e fokkerij wie er ferneamd om syn swingende beweging.