Man (73) fan It Hearrenfean fertocht fan ûntucht mei pakesizzer: eask fan 16 moannen sel

© Shutterstock
In 73-jierrige man fan It Hearrenfean wurdt derfan fertocht dat er sûnt 2010 jierrenlang syn doe noch minderjierrige pakesizzer ûnseedlik betaaste hat.
Neffens har soe er tsien oant tweintich kear syn hannen op har boarsten hân hawwe. Ek soe er mei syn krús tsjin har oan skuorre hawwe en de hân fan syn beppesizzer op syn krús lein hawwe.

'Kriebelen'

De man ûntkent de beskuldigingen. Hy seit dat er syn pakesizzers geregeld 'kribele'. Fierder soe er net gien wêze. De offisier neamde de ferklearring fan it slachtoffer lykwols 'autentyk en betrouber'.
Freed hearde de man in finzenisstraf fan 24 moannen, wêrfan acht ûnder betingst, tsjin him easkjen. Neist de finzenisstraf ûnder betingst easke de offisier dat de Feanster him behannelje lit.
De rjochtbank docht op 27 jannewaris útspraak.