Wurk oan provinsjale diken mooglik yn 'e knipe as oplossing A7 te lang duorret

Sânsekken op de A7 tusken Snits en De Jouwer © Omrop Fryslân
Binnen ien of twa wiken moat dúdlik wêze hoe't it no koe dat in part fan de Prinses Margriettunnel omheech kaam is. Dat seit deputearre Avine Fokkens nei in bestjoerlik oerlis mei Rykswettersteat en de gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.
Mocht it allegear hiel lang duorje dan tinkt de provinsje der oer it wurk oan omlizzende diken út te stellen.

Heechste prioriteit

It bestjoerlik oerlis is ynsteld om inoar op de hichte te hâlden fan wat der spilet. Neffens deputearre Avine Fokkens leit de heechste prioriteit by it weriepenjen fan ien of twa rydstripen troch it akwadukt. "Dat is alleen echt afhankelijk van de uitkomst van het onderzoek. We verwachten op korte termijn antwoord. Het belangrijkste is dat het wel veilig kan", sa seit de deputearre.
Dat wordt een drama, dat moet je niet willen.
Deputearre Avine Fokkens oer de betsjinning fan brêgen yn it wettersportseizoen as de A7 foarearst ticht bliuwt
Heech op de aginda stie ek de betsjinning fan de brêgen. As it wettersportseizoen wer losbarst ,kin dat soargje foar grutte ferkearsopstoppingen op de omlizzende diken. De wettersportsektor wol dêr net de dupe fan wurde. Fokkens is it dêr mei iens: "Ik denk dat in het watersportseizoen die bruggen een derde van een uur open staan. Dat wordt een drama, dat moet je niet willen."

Wurk oan oare diken

It is neffens Fokkens te betiid om no al te sizzen wat al en net kin: "De insteek is wel dat we voor een deel gebruik kunnen maken van de A7." Mocht de sneldyk net op koarte termyn weriepene wurde kinne dan tinkt de provinsje der oer om it wurk oan de omlizzende provinsjale diken út te stellen. Dat giet om wurk oan de dyk fan Snits nei Ljouwert en dy fan Bolsert nei Ljouwert.
"Daar hebben we nu wel discussie over. Moeten we dat niet doorschuiven om de druk tussen Joure en Sneek te verlichten." It hat allinnich al konsekwinsjes. It wurk is al oanbestege en sit ek al yn de planning.
Fokkens: "Het is kiezen uit twee kwaden. Er liggen contracten aan ten grondslag. Dan moeten we met de aannemer om tafel om te kijken of dat kan of dat het geld gaat kosten. Dan moeten we nog wel praten over wie die rekening gaat betalen."
Dúdlikens dêroer ha se lykwols pas as helder is hoe lang't it wurk oan de Prinses Margriettunnel duorret. Dêr wurdt op dit stuit efter de skermen hurd oan wurke. Mooglik dat it antwurd binnen 14 dagen komt.