Sjoch hjir nei de moaiste mominten fan de Friesian Proms

De moaiste mominten fan de Friesian Proms
De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS wurdt dit jier wer trije dagen lang útstjoerd troch Omrop Fryslân. De Friesian Proms is de showjûn dy't freed live te sjen wie.
Yn de Friesian Proms is der in ferskaat oan topartysten, muzykstilen, ljocht- en lasershows, special effects en boppe-al prachtige Fryske hynders en faak spektakulêre hynste-acts. De Friesian Proms diele de pyste mei sjonger Waylon, yllúzjonist Hans Klok, sjongeres Samantha Steenwijk en oaren.
De folsleine kompilaasje fan de Friesian Proms is op snein 15 jannewaris om 19.30 oere te sjen op Omrop Fryslân TV.