Ynwenner Noardeast-Fryslan heart eask fan 10 moannen sel om besit berneporno

© Shutterstock.com
Foar it downloaden en it besitten fan in protte berneporno, is freed in finzenisstraf fan fyftjin moanne easke, fiif dêrfan ûnder betingst. De fertochte is in 35-jierrige ynwenner fan in doarp yn Noardeast-Fryslân.
It grutste part fan de downloade bestannen mei berneporno stie op syn telefoan. De plysje telde 9.056 foto's en trije fideo's.
Jierrenlang soe de fertochte dwaande west ha mei it downloaden fan it ferbean materiaal. Op de ôfbyldingen stiene benammen famkes yn de leeftiid fan 6 oant 14 jier.

Unbetwingbere driuw

Syn IP-adres wie opdûkt yn in Britsk ûndersyk nei berneporno. De plysje brocht de fertochte dêrnei op 6 maaie 2020 in besite. Hy wie him derfan bewust dat it ferbean is wat er die. "Maar de drang was groter", sei er op de sitting.
Der is by him in pedofile steurnis fêststeld. Hy is út himsels yn behanneling gien. De offisier fan justysje hold dêr rekken mei, mar moast neffens de wet ek rekken hâlde mei it taakstrafferbod dat jildt yn dit soarte saken.
De offisier easke 15 moannen sel, wêrfan 5 moanne ûnder betingst. "U hebt over een langere periode bijgedragen aan deze verschrikkelijke industrie", sei de offisier.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.